Let op: om deze website goed te kunnen gebruiken is het noodzakelijk om Cookies aan te zetten. Meer informatie...

Tichtby[e-boek e-boek]

Jan Schokker

Tichtby
Dit is een ePub2 ePub2 e-boek
Prijs: € 6,95
Voorraad#stock_type# onbekend
Let op: dit is een ePub2 ePub2 e-boek
Bestel je voor het eerst een digitaal product? Lees dan eerst de informatie over het bestellen, downloaden en gebruiken van digitale producten!
(Geen beoordelingen)
Delen:
Productspecificaties
EAN : 9789089547736
Auteur(s) : Jan Schokker
Taal : Fries
Onderwerp : Detective
Thema : Misdaad en mysterie: politieserie
Uitgever : Elikser B.V. Uitgeverij
Verschenen : Augustus 2015
Uitvoering : E-boek
Conditie : Nieuw
Pagina's : 168
Beschrijving

De kop fluitet en kreaket him. Freegjen is in belangryk part fan syn wurk, mar hy hat ynienen gjin fragen mear. Hy pakt Ryk by de skouders en se ferwart har no net. Trochelkoar skodzje wol er har, mar docht it net. Ynstee dêrfan lûkt er har tsjin him oan. Soks docht er oars net. It is begrutsjen, miskien wanhoop, in meilibjen, in ynlibjen.
'Moatst my helpe Ale,' seit se mei in smoard lûd.
'Wêr is lytse Lutzen?'

Plysjeman Ale Alema rekket diskear djip betize yn de leafde en yn de misdied. Syn hûs wurdt wer opboud nei in ferwoastgjende brân, mar der is mei in steger knoeid, wêrtroch't dy ynstoart. En letter krijt Ale in foto tastjoerd, fan Nanke, syn freondinne, dy't leit te sliepen. Kin hiel tichtby komme! stiet op it briefke dat der by sit. Letter krijt er noch ien, fan syn kollega Wytske, ek sliepend, mei itselde drigemint. Ek wurdt syn bankrekken leechhelle, troch Tichtby bv. Wa hat it op him foarsjoen? Op advys fan de ofsier fan justysje dûke Nanke en Ale in skoftsje ûnder en geane nei Bergen yn Noarwegen. Kinne se tagelyk wat mear útsykje oer de ferdwining fan Lutzen Terberg, de man fan Nanke, dy't yn Bergen foar 't lêst sjoen is, jierren ferlyn. Mar is Nanke wol wa't se seit dat se is? Se docht hiel frjemd. En dan komt Ale pas echt yn gefaar.
Yntusken is Wytske dwaande mei de moard op in 75-jierrige soere resinsint yn in hûs fol boeken. En dat hat ek wer mei har Bontebokker kollega te krijen.
In spannend en ferrassend Alema-mystearje.

Velden met een * zijn verplicht